Ontdek PLUS

Jacob Jaap Jabik van der Bij

Kent 24 personen

MARRIED , 2 kinderen
Woont in -

    Bekijk het volledige profiel van Jacob Jaap Jabik van der Bij en al je andere schoolgenoten!

    In SchoolBANK kun je GRATIS je scholen terugvinden en weer in contact komen met je docenten en schoolgenoten. Registreer je en begin meteen!

    Jacob Jaap Jabik van der Bij heeft 5 klassenfoto's en kent 24 schoolgenoten. Benieuwd of jij iemand herkent?

    Meld je snel aan en vind jouw oud-schoolgenoten en klassenfoto's terug!

    Aanmelden

    Yn 1987 binne de kristlike hbo's fan Noard-Nederlân fusearre ta de CHN, no Stenden.

    Yn 1987 binne de kristlike hbo's fan Noard-Nederlân fusearre ta de CHN, no Stenden. De earste jierren wie ik dêr lid fan de Sintrale Direksje mei de portefeuille Behear en Personiel. Myn wurkplak waard it âlde PEB-gebouw oan de Emmakade yn Ljouwert. In nije skoalle opbouwe mei noch gjin 1000 studenten en mei lesplakken yn Ljouwert, Snits, Grins en Emmen tegearre mei Henk Siegers: in spannende tiid. Yn 1995 feroare de struktuer fan de skoalle: de sintrale direksje waard in Kolleesje fan Bestjoer. Dat betsjutte dat it KfB it "bevoegd gezag" fan de skoalle waard en dat der in Ried fan Tafersjoch kaam. Omdat ik it iennichste kollezjelid en foarsitter wie ha ik in managementteam foarme mei earst de trije sektordirekteuren. Nei in reorganisaasje mei fiif direkteuren. Myn pensjonearring foel lyk mei de ieuwiksel: 1-1-2000. Dat koe doe noch. Tegearre mei Baukje koene wy doe as reisleiders fan kerrevenreizen nije reizen útsette yn Easteuropa en Turkije. In hobby dy't wy yn de santiger jierren dien hiene by de ANWB. Der wie ek noch wat tiid oer foar it HB fan de FNP dêr't ik in hoartsje foarsitter fan wie en foar it foarsitterskip fan de Ried fan de Fryske Beweging.

    CHN, 1987

    Yn Driesum moast ik nei de CNS yn Driesum/Wâlterswâld.

    Yn Driesum moast ik nei de CNS yn Driesum/Wâlterswâld. In ein fytsen foar ús omdat wy noch achter de Dinzebrêge wennen - de Kolkensloanne del en dan noch troch de buorren. Ik ha de 6e klasse by master Jongsma dien. Hy waard yn dy tiid Stikeltsje neamd fanwege syn kapsel. In hiel oare skoalle as yn Bûtenpost. Dêr sieten wy mei mear as 40 bern yn de klasse. No kaam ik yn in 6e klasse mei 9 bern, mar de 5, 7e en 8e klasse sieten yn it selde lokaal. Yn Bûtenpost wie ik nea opfallen. Master Jongsma seach wol wat yn my want hy woe my oan it ein fan it jier nei de ULO ha. Mei noch twa oaren (Durk en Durkje) moasten wy op sneontemoarn nei skoalle foar ekstra lessen. Ik wit net as dat ek holpen hat. By master Jongsma krigen wy foar it earst gymnastiek, dat koenen se yn Bûtenpost net. It wie wol altyd "korfbal". Net maklik foar ien dy't it noch nea dien hie en sels de spulrigels net kende. By Jongsma krigen wy ek Frysk lêzen: Oare heite pet. Ik fielde my in grutte sufferd want ik hie noch nea in Frysk wurd ûnder eagen hân en de oaren liezen mar om raak. Master Jongsma wie tige grutsk op syn ienigst dochter Margje(beukerjuf), dêr mocht hy graach oer prate. Jongsma syn lokaal siet tusken dat fan master De Vries en juf De Jong yn. Dy twa hiene in leafde - haat ferhâlding. De iene kear koene se it tige goed fine en in oare kear smiten se mei doarren. as it dan by ús stil wie yn it lokaal dan foel dat bot op. Haadmaster Jongsma luts dan syn foarholle wat op en skotholle sûnder der wat fan te sizzen. Jo hiene faak it gefoel dat der twaspjalt wie tusken it personiel. Men grute dat it troch de tsjerkelike eftergrûn kaam: Jongsma wie synodaal en de oare twa art. 31. Ik ha goeie herinnerings oan dizze haadmaster ek al moast ik hast alle middeis myn taalleske wer oarskriuwe omdat hy it net lêze koe. Yn Bûtenpost hie ik skean skriuwen leard en yn Driesum besocht ik it rjochtopskriuwen sa as hja it dêr diene te learen. By einbeslút wie as in doktersresept: ûnlêsber.

    De Wynroas, 1952

    Myn earste ûnderfining mei de skoalle fan Bûtenpost is my myn hiele libben lang bybleaun.

    Myn earste ûnderfining mei de skoalle fan Bûtenpost is my myn hiele libben lang bybleaun. Berne yn de oarloch hie ik in frij libbentsje hân mei myn bêste freon Kees Kempenaar. Niks gjin pjutteboartersplak of beukerskoalle. De petgatten oan de Aldfeart en it holledykje achter it spoar tsjin it Feankleasterbosk oan wie ús domein. Dy earste dei sei juf Goiienga: "Armen over elkaar". Ik snapte net wer't it minske it oer hie. Har Hollânsk wie my frjemd, boppedat thús hie ik de ear****ea oer elkoar hân. Ik ha har wat glêzich oansjoen, tink ik. Sy lei dat út dôfhûdigens en joech my in pear fikse klappen mei har fjouwerkante lineaaltsje. Fan skrik of fan pine foel ik yn swym. Of de juffer der wat fan leard ha wit ik net, mar ik ha it minske der nea werom lije mochten. Dat wie yn de twadde klasse by juf Sybesma wol oars. Ik wie tige fereale op dat jonge jufke. Master Hamer stiet my ek noch dúdlik foar de geast. Hy koe sa noflik op de foarste banken sitten gean, luts syn boksen dan wat op, stuts in MissBlanche (rûkte sa lekker) oan en begûn dan yn it Frysk in ferhaal oer froeger te fertellen: it wyfke fan Starum ensf. Oan master Kroeske dêr't ik yn de fjirde en fyfde klasse bysiet ha ik goede herinnerings. In guodlike man. Wy sieten doe yn twa âlde lokalen achter Evenhuis op it hiem fan HarmDykstra syn brânstofhannel. Donker en neazich wie it dêr mar dêr ha jo as bern net folle erg yn. De 6e klasse ha ik yn Bûtenpost mist omdat wy nei Driesum ferfarden. Ik wie dêr suver bliid om want master beerda stie bekend as strengenien.

    school met de bijbel, 1947